Streekbussen ride wer

18 jun 2008 - 22:38

Fan tongersdei ôf ride de streekbussen wer neffens de tsjinstregeling. Bussjauffeurs fierden wiken aksje foar in bettere cao. Woansdei giene de wurkjouwers akkoart mei in nije ôfspraken. De fakbûnen hawwe dêrom de sjauffeurs oproppen om wer efter it stjoer sitten te gean.

It akkoart fan de ferfiersbedriuwen kaam neidat steatssiktaris Tineke_Huizinga 16 miljoen euro ekstra beskikber stelde foar it busferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)