EK 2009 tawiisd oan Thialf

18 jun 2008 - 17:33

It Europeesk Kampioenskip reedriden is it kommende seizoen yn it Thialfstadion op It Hearrenfean. It EK dêr´t Sven_Kramer syn titel ferdigenje mei is fan 9 oant en mei 11 jannewaris. De earste wedstriid yn it Thialfstadion is it NK ôfstannen fan 31 oktober oant en mei 2 novimber.

Ek binne der twa wrâldbekerwedstriden op It_Hearrenfean en ein desimber is it NK Allround yn it Thialfstadion. It wrâldkampioenskip allround wurdt ferriden yn it Noarske Hamar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)