Manlju boatdrama langer fêst

© Omrop Fryslân
De twa fertochten yn it speedboatdrama by Grou bliuwe langer fêstsitten. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. Der moat fierder ûndersyk dien wurde en boppedat is der sprake fan in skokte rjochtsoarder.
De manlju wurde 30 dagen langer fêsthâlden. It giet om twa Ljouwerters fan 39 en 45 jier, de skipper en de boateigner. Se wurde fertocht fan deaslach. By de oanfarring kaam Sjoerd_Schuurmans (42) fan Jellum om it libben.