Gerard de Korte nije biskop

Biskop De Korte
Gerard de Korte wurdt de nije biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert. Dat hat it Vaticaan woansdei bekend makke. De Korte folget Wim Eijk op, dy't ein ferline jier beneamd waard ta aardsbiskop fan Utrecht.
Gerard de Korte waard 53 jier lyn berne yn Vianen. Hy waard yn 1987 wijd ta priester. Sûnt 2001 is er aktyf yn Utrecht, ûnder oare as hulpbiskop. Op 2 juny waard er wijd ta biskop. De Korte seit dat er stribbet nei de tsjerke as 'iepen en gastfrij hûs'.