Berne-allergypoly yn Drachten

Berne-allergypoly yn Drachten
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is in allergy-poly foar bern begûn. De poliklinyk rjochtet him benammen op bern dy't allergysk binne foar kowemolke. Yn de allergy-poly wurdt in test brûkt dy't gewoanwei allinne yn akademyske sikehûzen dien wurdt.
It regear hat gewoane sikehûzen frege de test no ek ta te passen, omdat in soad bern lêst hawwe fan kowemolke-allergy. Nij Smellinghe fiert de testen út yn gearwurking mei in bernesikehûs yn Grins.