'Lege bedriuwspânen oanpakke'

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat in stifting yn it libben roppen dy't leechstân op bedriuweterreinen tsjingean moat. De nije stifting Ontwikkelingsbedrijf Leeuwarden sil sels lege bedriuwspânen oankeapje en ferbouwe.
Sa moatte de gebouwen wer oantreklik wurde foar oare bedriuwen. It Ontwikkelinsbedrijf Leeuwarden set dêrmei it wurk troch fan de Stichting Bedrijfspanden Leeuwarden dy't al sûnt de jierren fyftich de gebouwen yn Ljouwert yn 'e gaten hâldt.