Ynbrekker raamt auto

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert hat tiisdeitenacht in ynbrekker de auto raamd fan 'e eigner (35) fan in bedriuw oan it Kealledykje. De eigner gie nei it bedriuw, omdat it alaarm ôfgien wie. By syn bedriuw seach de man in reade auto, dêr't twa manlju ynsieten. Doe't er der hinne rinne woe, ried de auto hurd fuort en raamde dêrby de auto fan 'e bedriuwseigner.
De plysje fûn de auto efkes letter foar de wenning fan 'e fertochte. Dy is oanhâlden en sit fêst op it buro.