Gjin nije tagongsdyk Ljouwert

18 jun 2008 - 10:11

Der komt definityf gjin ekstra tagongsdyk oan de eastkant fan Ljouwert oer bedriuweterrein De Hemrik. Ut ûndersyk fan 'e gemeente hat bliken dien dat it tefolle tiid en jild kostje soe en dat it eins ek net genôch opsmite soe. It oanpakken fan it Drachtsterplein soe mear ferkearswinst opleverje moatte.

Dat hat ek de foarkar fan B. en W. fan Ljouwert, mar de gemeenteried woe dochs noch graach in ûndersyk nei de dyk oer de Hemrik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)