Fakbûn teloarsteld yn polityk

17 jun 2008 - 23:04
  • Gjin ûndersyk nei affêre Friesland Vlees

De fakbûnen binne teloarsteld yn de Twadde Keamer omdat der gjin ûndersyk komt nei de affêre om it bedriuw Friesland Vlees hinne. Dit bedriuw kaam yn de problemen nei negative útlittings fan minister Verburg.

De bûnen De Unie, CNV en FNV hiene frege om in ûnôfhinklik ûndersyk nei mooglik ûnsoarchfâldich hanneljen troch de oerheid. Hast net ien fan de fraksjes yn de Twadde Keamer hat op de oprop reagearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)