B&W Bilt yn ierappelskuorre

Bildtse Aardappelweken
It kolleezje fan It Bilt fergaderet woansdeitejûn yn in ierappelskuorre. Omdat it de kommende wiken de 'Bildtse Aardappelweken' binne, kiest it gemeentebestjoer foar ien kear in alternatyf fergaderplak.
Yn plak fan op it gemeentehûs yn Sint Anne prate boargemaster en wethâlders yn de skuorre fan de famylje Hilarides yn Sint Jabik. Nei ôfrin prate se mei ierappeltelers, om te hearren hoe't dy de takomst sjogge.