Yllegaal bouwurk op luchtfoto

© Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel is troch stúdzje fan satellytfoto's 178 yllegale bouwurken op it spoar kaam. Sa'n 35 dêrfan moatte sloopt wurde. Sûnt in pear jier brûkt de gemeente satellytfoto's om op te spoaren hokker bouwurken der sûnder fergunning boud binne.
Earder wie de gemeente dêrfoar ôfhinklik fan meldingen fan boargers of tafallige ûntdekking. Letter dit jier wurde nije satellytfoto's makke.