Asbest frijkaam by skuorrebrân

By in brân yn in boereskuorre yn Hoarnstersweach is nei alle gedachten asbest frijkaam. Yn it bûtengebiet tusken Jobbegea en de N381 bruts by in pleats brân út yn de hea-opslach.
De wenning sels is sparre bleaun, bewenners en fee rekken net ferwûne. It asbest hat him amper ferspraat, omdat der hast gjin wyn stie. Omwenjenden ha der ek gjin lêst fan, omdat it bedriuw fier fan de oare bewenning leit.