Elektryske fyts yn opkomst
Fytsfabrikant Batavus fan It_Hearrefean wreidet it tal produksjelinen foar de elektryske fyts út. De belangstelling foar it type fyts is sa grut wurden, dat it bedriuw de fraach net mear oankin.
Neffens direkteur Rob_Bizet fan Batavus wurdt de elektryske fyts net mear allinne troch âldere minsken kocht, mar ek troch de jongerein.