Buske om mûzefalk te ûntrinnen

17 jun 2008 - 16:40

In buske rydt de skoalbern yn Aldlemmer by it nêst fan de agressive mûzefalk (buizerd) lâns. Mei dy oplossing kaam boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf tiisdeitemiddei by de skoalbern. Yn de beammen oan de Weeren sit in mûzefalk mei jongen, dy´t fytsers oanfalt.

Seis bern dy´t alle dagen by it nêst del moatte, wurde twa kear deis mei it buske fan hûs nei Aldlemmer brocht en werom. De service bliuwt oant de jongen útflein binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)