Jorritsma krijt Fryske strip

17 jun 2008 - 16:31

'De boartlike boarre', sa hjit it nije Fryske Suske_en_Wiske stripboek. It giet om de sechde Fryske oersetting fan 'e avontoeren fan it Belgyske duo. In boartlike boarre is ien dy´t minsken mei syn eagen in goed hert jaan kin. En omdat Lambik in hert as in klompe iis krigen hat, moat de boarre it ûntteie.

Kommissaris fan ´e Keninginne John Jorritsma kige tiisdei it earste eksimplaar. Hy wie as lyts jonkje al gek op strips, sa sei er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)