Burgumer ûntkent ûntucht

17 jun 2008 - 15:20
  • By de manege binne bern lêstich fallen
  • Ek by de skoalle strúnde in man om

De Burgumer (34) dy´t fertocht wurdt fan ûntucht mei in famke fan seis ûntkent. Dat makket it iepenbier ministearje bekend. De man waard ferline wike oppakt en moat noch seker twa wiken fêstsitte.

Underwilens hat ek in 17-jierrich famke oanjefte tsjin de man dien. Neffens it doarp hat de man noch mear bern lêstichfallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)