Flater makket kanaal ûndjip

it Van Harinxmakanaal
In stik fan 50 meter fan it Van_Harinxmakanaal by Frjentsjer is mar beheind te brûken, want troch in flater is it kanaal ûndjip wurden.
Yn opdracht fan de gemeente is by de eardere werf Draaisma in nije wâlbeskoeiïng oanlein mei stiennen en grûn. In behoarlik part fan dy grûn is fuortsakke it kanaal yn omdat it net genôch klibbere. De gemeente kaam derachter doe ´t der in skip op fear. De ûndjipte wurdt sa gau mooglik fuorthelle.