Fryske Gea hâldt jild oer

17 jun 2008 - 12:09
  • It Fryske Gea krijt mear jild om hannen
  • It jild wurdt stútsen yn it ûnderhâld

In wiziging yn de wetterskipswet soarget derfoar dat it Fryske Gea takom jier tsientûzenen euro's mear hat foar it behear fan har natoergebieten. Yn maaie hat it Ryk de wet feroare dy 't regelt hoefolle minsken en organisaasjes betelje moatte oan it wetterskip.

It wetterskip Fryslân is noch dwaande dat te fertalen nei de praktyk. Mar it liket wol dúdlik dat ûnder oare natoerbehearders as it Fryske Gea folle minder betelje hoege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)