Strân Lemsterlân privatiseard

17 jun 2008 - 11:30

De gemeente Lemsterlân wol ûndersykje hokker gemeentlike eigendommen privatisearre wurde kinne. Der is in list makke fan alle mooglikheden. Dêrop stean ûnder oaren de jachthavens, it strân, ferskate sportterreinen, de gemeentlike camping en de reinigingstsjinst.

De ried moat beslute nei hokker eigendommen ûndersyk dien wurde moat. Der wurdt dan besjoen wat de maatskiplike, juridyske en personele konsekwinsjes binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)