Antwurd op beswier faak te let

© Omrop Fryslân
De behanneling fan beswierskriften by de gemeenten It_Hearrenfean, Lemsterlân en Skarsterlân duorret te lang. Dat docht bliken út ûndersyk troch de rekkenkeamerkommisjes fan de gemeenten.
It ûndersyk makket dúdlik dat minsken langer wachtsje moatte as wetlik tastien is. It giet dan net om in pear dagen te let, mar trochinoar om 22,5 dagen. It ûndersyk is basearre op gegevens út 2005.