Drokte mei tikebiten op Oerol

16 jun 2008 - 22:00
  • Drokte mei tikebiten

De húsartsen en EHBO´ers op Skylge hawwe it drok mei festivalgongers dy´t biten binne troch tiken. It lytse bistje mei him graach ophâlde yn beammen en beamkeguod en dat binne ek krekt de plakken dêr´t de measte Oerolfoarstellings plakfine.

Festivalgongers dogge der goed oan om alle jûnen te sjen oft se in byt krige hawwe. As dat it gefal is, moat der oer heechút 24 oeren aksje ûndernaam wurde. In byt fan in tyk kin de Sykte fan Lyme oerbringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)