Oerol yn 2009 ek yn New York

Governors Island by Manhattan
It Skylger Oerolfestival sil yn 2009 foarstellings fersoargje op Governors Island foar de kust fan New_York. Dat bart dan om te betinken dat 400 jier ferlyn de Nederlânske VOC dêr foar it earst oan wâl kaam. Kees_van_Twist, foarsitter fan Oerol en kultureel attasjee fan Nederlân yn Amearika, makke dat moandei bekend.
De foarstellings yn New_York gean net allinnich oer de skiednis, mar ek oer de hjoeddeiske en de takomstige bân tusken New_York en Nederlân.