Mûzefalk falt skoalbern oan

16 jun 2008 - 15:55
  • Foarbygongers wurde warskôge
  • Yn it nêst sitte jongen

Skoalbern út Aldlemmer fytse mei stokken nei skoalle om har te wapenjen tsjin in mûzefalk. Krekt as foarich jier wurde de bern lestich fallen troch de rôffûgel.

It bist hat deun by de iepenbiere wei lâns in nêst mei jongen en lit net ien yn syn omjouwing ta. Op de meast ûnferwachte mominten komt de mûzefalk foar it ljocht en fljocht rjocht op de skoalbern ôf om syn jongen te beskermjen. Twa bern binne al ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)