Ynventarisaasje sike ipen

16 jun 2008 - 14:49

De goed 65.000 ipen dy´t Fryslân ryk is, wurde yn trije moanne tiid ûndersocht op ypsykte. De stichting Iepenwacht Friesland ynventarisearret hokker beammen siik binne en kapt wurde moatte.

Seis ipejeiers krigen moandei tekst en útlis oer wat se dwaan moatte mei in sike yp. Fan de 65.000 ipen yn Fryslân is in 3,5 prosint siik. Yn 2005 wie dat noch in 12 prosint. Dat bestjut dat op dit momint 1 op de 25 beammen siik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)