Fryske Gea wol fan guozzen ôf

Te folle grauwe guozzen yn Alde Feanen
300 grauwe guozzen yn De Alde Feanen binne oan in grutte fangaksje ûntkaam. Eigner It Fryske Gea hie nei klachten fan boeren fergunning frege om fûgels te fangen en te fergassen. It tal grauwe guozzen is de lêste tiid slim tanaam en de bisten frette rûnom yn it natuergebiet lânbougrûn keal.
It fangen moat yn de ruiperioade fan heal maaie oant heal juny. Moandei stie in bedriuw klear mei in koai om de fûgels te fangen mar der wiene te min. It fangen is earst fan ´e baan.