Man ferdronken by Frjentsjer

16 jun 2008 - 08:55

Yn it wetter fan it Van Harinxmakanaal by Frjentsjer is sneintemiddei in stoflik omskot fûn. In foarbygonger seach op 'e hichte fan De Wieken in lichem driuwen en warskôge de helpferlieningstsjinsten.

Nei ûndersyk waard dúdlik dat it giet om in 59-jierrige man út Ljouwert. Hy is troch ferdrinking om it libben kaam. Der binne gjin oanwizings dat it om in misdriuw giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)