Motor rydt op publyk yn

© Omrop Fryslân
In dielnimster oan de Harley Davidsondei, snein yn it sintrum fan Snits, is op de Marktstraat mei har motor op in groep omstanners ynriden. By it ûngelok ried se op it publyk yn en rekke fiif minsken. Dy kamen derôf mei skaafplakken en in stikkene bril.
Letter op de dei hie de plysje noch in soad wurk fan de dielnimmers. In 50- jierrige man út Surhústerfean en in Snitser fan 46 jier waarden oanhâlden omdat se tefolle drank op hiene.