1600 Slachterinners nei EHBO

15 jun 2008 - 17:46
  • Dielnimmers hiene ferskate klachten

Goed 1600 dielnimmers oan de Slachtemaraton ha sneon help nedich hân fan de EHBO-posten op de rûte. Dat seit foarsitter Jelle Bangma fan de organisaasje. De minsken hiene blierren of in oare blessuere.

Ek moasten der inkelde tsientallen kuierders nei de EHBO omdat se net goed wurden wiene. Yn de measte gefallen barde dat nei ôfrin fan de tocht yn Raerd. Dit tal is normaal foar sa'n grut evenemint as de Slachtemaraton, sa seit de organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)