Freesonica bestiet fiif jier

Freesonica, it suksesfolle bandstipeprojekt, bestiet fiif jier. It haaddoel fan it Freesonicaprojekt is om Fryske bands hânfetten en stipe te jaan, rjochte op profesjonalisearring, namsbekendheid en mear mooglikheden foar optredens bûten de regio.
Freesonica stipet op it stuit de garage dance-band Daily Bread, it folktronicakwartet Jean Parlette en synthpopband Pioneers of Love. Earder stipe it projekt Believeisadoubt.