Mishanneling op It Amelân

15 jun 2008 - 14:10

De plysje stelt in ûndersyk yn nei de mishanneling fan in 22-jierrige man út Hoorn (NH). Hy waard freedtenacht op de Jan van Eijckwei yn Nes op It Amelân meardere kearen slein troch twa manlju. De oanlieding is net bekend.

It slachtoffer rûn in lichte harsenskodding, in kniesde kaak en ferwûnings oan de holle op. Hy is behannele troch de dokter. De plysje hat sneon in 21-jierrige fertochte út Hilversum heard. It ûndersyk nei de twadde fertochte rint noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)