José van der Veen wint sulver

José van der Veen
Hurdrinster José van der Veen fan Drachten hat sneon yn Leiden by de striid om de Gouden Spike it sulver pakt op de 800 meter. Se rûn de 800 meter yn in tiid fan 2.05,56. Machteld Mulder wûn de 800 meter yn in tiid fan 2.04,55 en de Dútske Annette Horna pakte it brûns.
Op de 800 meter foar jonges kaam Mart Sijtsema fan It Hearrenfean yn in tiid fan 2.02,58 as tredde oer de einstreek.