Gjin treinen Ljouwert-Starum

15 jun 2008 - 11:36

Pro-Rail begjint sneintejûn mei wurk oan it spoar tusken Ljouwert en Starum. Fanwege dat wurk wurde de treinen jûns ferfong troch bussen. Tusken Snits en Starum ride dy bussen fan kertier oer njoggenen ôf, tusken Ljouwert en Snits fan tsien oere ôf.

De reis duorret troch de ynset fan de bussen in healoere langer as mei de trein. It wurk begjint sneintejûn en duorret oant en mei tongersdeitejûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)