Alle gemeenten in jeugdsintrum

15 jun 2008 - 11:31

Alle Fryske gemeenten moatte oer trije jier minimaal ien Sintrum foar Jeugd en Gesin hawwe. Dat wol de CDA-fraksje fan de gemeente Dongeradiel. By in Sintrum foar Jeugd en Gesin kinne âlden, bern en jongeren oant en mei 23 jier terjochte foar fragen oer opfoeding en it âlder wurden.

Neffens de CDA-fraksje bart no noch te faak dat jeugd net goed holpen wurde om't de ferskate soarchynstelling net genôch gearwurkje. In Sintrum foar Jeugd en Gesin moat dat foarkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)