'Tredde Slachte wie de bêste'

15 jun 2008 - 09:53
  • Lytsewierrum wie sneon Knuffelwierrum
  • Knuffels rûnen mei mei de dielnimmers

De tredde Slachtemaraton is sneon sûnder problemen ferrûn. Dat sei foarsitter Jelle Bangma fan de organisaasje oan de ein fan de dei yn Raerd. De Slachtemaraton fan sneon wie de bêste kwa organisaasje oant no ta, sa fynt er.

Fan de goed 13.000 kuierders hawwe mar inkelde tsientallen de tocht net útrûn. De lêste kuierder kaam sneontejûn om healwei tsienen hinne by de finish yn Raerd oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)