Tsjummearum wint jonges NK

© Omrop Fryslân
It partoer fan Tsjummearum hat sneon it Nederlânsk Kampioenskip keatsen by de jonges wûn. Yn de striid om priis en preemje waard Boalsert mei 5-3 en 6-6 ferslein. Foar de winners keatsten Arnold Zijlstra, Jeroen de Haan en Oane Veldman. Boalsert die it mei Peter van Zuiden, Carlo Booms en Thomas van Zuiden.
It wie foar Tsjummearum de fjirde kear dat de bûnspartij foar jonges wûn waard. De lytse preemje wie foar Raerd.