Sven Kramer wint yn Droegeham

14 jun 2008 - 19:05
  • Sven Kramer bliid mei oerwinning

Sven Kramer wie sneontemiddei de sterke winner fan de 15e edysje fan de Ronde fan de Kerspelen, in wedstriid dy't meitelt foar de klubkompetysje. Yn Droegeham wie de wrâldkampioen reedriden en ynwenner fan It Hearrenfean de sterkste fan in kopgroep fan fjouwer man.

Aloys van Duuren fan Hoogeveen waard twadde, Folkert de Haan fan Grins tredde. Fokke Postma fan Drachtsterkompenije einige ek noch by de earste tsien, hy waard sânde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)