Oankomst yn Raerd goed ferrûn

Kloften minsken kamen sneontejûn oan yn Raerd, it finishplak fan de Slachtemaraton. Dy oankomst ferrûn goed. Minsken rûnen neidat se oer de einstreek kaam wiene, troch nei de feesttinte, de bussen of de auto.
De organisaasje hat yn it foar goed om de logistyk tocht. Yn 2000 gong wol it ien en oar mis en dêr hat de organisaasje fan leard. Yn Raerd wiene in soad frijwilligers om alles yn goede banen te lieden, sa sei Jelle Bangma fan de organisaasje.