Tal útfallers maraton minimaal

14 jun 2008 - 13:55

It tal útfallers by de Slachtemaraton foar hurdrinners hat minimaal west, sa lit de organisaasje wite. Om tolve oere moasten de maratonrinners binnen wêze. Organisator Johan Jorritsma tinkt dat der sa tusken de tsien en fyftjin minsken útstapt binne, wylst der sneontemoarn betiid sa'n tûzen hurdrinners fan start gien binne.

Yn totaal 1350 minsken hiene har ynskreaun. De organisaasje tinkt dat dêrfan sa'n 350 minsken fuortbleaun binne, bygelyks fanwege blessueres.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)