Tsjinst foar De Graaff-Nauta

14 jun 2008 - 13:49

Yn de Martinitsjerke yn Snits is sneon in betinkingstsjinst hâlden foar Dieuwke de Graaff-Nauta. Dy ferstoar earder dizze wike op 78-jierrige leeftyd. Under oare âld-minister Kees van Dijk hâlde in taspraak.

Kommissaris fan 'e keninginne John Jorritsma, syn foargonger Ed Nijpels en âld-boargemaster Bernhard van Haersma Buma fan Snits wiene der ek. Ald-premier Ruud Lubbers koe der net by wêze. Nei ôfrin koene de oanwêzigen de famylje kondolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)