Aldste dielnimmer is 88 jier
De âldste dielnimmer fan de Slachtemaraton, Sipke Beetsma (88 jier), hat de maraton útrûn yn krekt wat minder as sân oeren tiid. Hy sette om 06.45 oere út ein yn Easterbierrum en kaam om healwei twaen hinne oan yn Raerd.
Hy hat eartiids by de ynfantery sitten. As it oan Beetsma leit, docht er oer fjouwer jier wer mei oan de Slachtemaraton.