Man stelt by boumerk

© Omrop Fryslân
De plysje op It Hearrenfean hat ôfrûne nacht in 39-jierrige ynwenner út dat plak oanholden yn ferbân mei stellerij by in boumerk oan de Houtdraaier. Plysjeminsken seagen de man fytsen op it terrein fan de boumerk.
Hy woe der fan troch gean. By syn oanhâlding waard in klinker yn syn fytstas oanholden. It die bliken dat de fertochte thús noch sa'n 150 stiennen en 70 pûden potgrûn hie. It guod wie allegear stellen by de boumerk.