Trochriden nei ûngelok

14 jun 2008 - 12:17

De plysje hat yn de nacht nei sneon yn Garyp in 24-jierrige automobilist út dat doarp oanholden op fertinking fan it riden ûnder ynfloed en it ferlitten fan it plak fan it ûngelok.

In foarbygonger warskôge de plysje dat der op de Westerein yn Garyp in auto yn de sleat lei. Der siet net ien mear yn de auto. Fia it kenteken koe de plysje de eigner achterhelje. De fertochte waard thús oantroffen. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)