Mishanneling yn Kollum

© Omrop Fryslân
De plysje yn Kollum hat ôfrûne nacht in 27-jierrige ynwenner út dat doarp oanholden yn ferbân mei mishanneling. De fertochte wie út in kafee setten, omdat de man him agressyf gedroech.
Op strjitte besochten omstanners de man wer ta bedarjen te krijen, mar dit slagge net. Ien fan de omstanners waard skopt troch de fertochte en rekke ferwûne oan de knibbel. De man is ynsletten.