Alex van der Meer wint Slachte

14 jun 2008 - 09:09
  • Alex van der Meer rint op de finish ôf
  • De winner wurdt lokwinske

Alex van der Meer út Wageningen is sneon mei in tiid fan 2.28.06 de winner wurden fan de tredde Slachtemaraton foar hurdrinners. Dêrmei is it parkoersrekord fan Gerrit Kramer fan 2.29.00 út 2004 ferbettere.

Van der Meer wie de hazze foar favoryt Erik Negerman, mar de âld-Boalserter moast fjirtjin kilometer foar de finish útstappe mei kramp. It twadde plak mei in achterstân fan twa minuten wie foar Remon van Lunzen út Ljouwert, tredde waard Martin Ketellapper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)