Saak Eastrum: 3,5 jier easke

© Omrop Fryslân
Tsjin de Grinzer dy't fertocht wurdt fan ferkrêfting fan in famke fan 13 yn Eastrum, is freed yn heger berop 3,5 jier sel easke. De fertochte ûntkent noch hieltiid. Justysje tinkt dêr oars oer en neamde de man freed in koele, berekkenjende dieder, dy't syn seksuele lusten net betwinge koe.
Yn desimber 2006 waard it famke mei geweld twongen ta seksuele hannelings yn har wenplak. De Grinzer waard ferline jier troch de rjochtbank feroardiele ta 2,5 jier selstraf.