Maatregels Nederlân-Frankryk

13 jun 2008 - 12:10
  • Oranje kafee yn de Doelesteech

De gemeente Ljouwert treft maatregels om de oerlêst yn 'e binnestêd tsjin te gean by de EK-wedstriid fan Nederlân tsjin Frankryk. De binnenstêd wurdt tusken acht oere oant middernacht foar auto's ôfsletten mei stekken, dy't bewaakt wurde.

Ek moatte kafee's drinke skinke yn plestik bekers. De gemeente treft dizze maatregels omdat it moandei by de wedstriid tsjin Itaalje flink út 'e hân rûn. De strjitten leine doe fol mei stikkene glêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)