Provinsje ferkeapet oandielen

13 jun 2008 - 10:12

De provinsje Fryslân wol syn oandielen yn it enerzjybedriuw Nuon ferkeapje oan in bûtenlânske ynvestearder. Dat seit in topman fan Nuon freed yn it Finansjeel Dagblad. Neist Fryslân hawwe ek oare oerheden lykas de gemeente Amsterdam oandielen yn it bedriuw.

De topman ferwachtet oer in moanne as seis in bûtenlânske ynvestearder fûn te hawwen. Earder hie Nuon plannen foar in fúzje mei Essent, mar dy fúzje gie net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)