Plysje pakt dronken frou op

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei yn Menaam in ynwenster fan de gemeente Frjentsjerteradiel oanhâlden. De frou (60) hie út in winkel twa bosken blommen stellen. By har oanhâlding die bliken dat de frou tefolle dronken hie.
Dat koe konstateard wurde mei in bloedproef. It slagge de frou net in blaasproef te dwaan. De frou krige in proses-ferbaal foar de stellen blommen. Fierder waard ek har rydbewiis ynnaam.