Schievink bêste yn Drylts

Henk Schievink (foto Martin de Jong)
Fierljepper Henk Schievink fan Ljouwert hat tongersdei yn Drylts syn tredde seizoenoerwinning binnenhelle. By syn lêste sprong yn de finale helle hy 18.83 meter. Twadde waard Thewis Hobma fan Easthim mei 18.52. Oane Galama fan It Heidenskip helle 18.38 en pakte dêrmei it tredde plak.
By de junioaren wûn Burgumer Alwin Fonk mei 16.48. Dilys Vlieger wie mei 14.06 de bêste by de froulju. By de jonges gie de winst nei Folkert Heida. Hy ljepte yn 'e finale 15.39.