Poortje nei H'fean Noardeast

Bewenners fan de wenwyk It Hearrenfean Noardeast komme yn't gewear tsjin de komst fan jeugdfinzenis Het Poortje. De gemeenteried besleat tongersdei dat de lokaasjes by it Arrivaterrein en de Mc Donalds net geskikt binne.
Riedsleden binne te sprekken oer de nije lokaasje. It kolleezje sil de kommende tiid útsykje wat it meast geskikte plakje is. De ried kin dan yn oktober it definitive beslút nimme. De bewenners sille beswierskriften ynstjoere en prosedueres oanspanne.